De keunstmuorre

  • 19 maart 2018
kunst

Hjoed wie de iepening fan de keunstmuorre by 'Het grote grutto theater' yn it Natuurmuseum Fryslân. In muorre mei moaie keunstwurken fan Greidhoeke goes onderwijs OT7 (Winsum, Wommels, Itens en Baard). De Stjelp mocht de iepeningshandeling dwaan. Yn de foarm fan in prachtich gedicht makke troch de bern; 'Skries yn de griene greide, wolkom'.